Bonifatiusdei yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Dokkum stie alwer yn it teken fan Bonifatius. Eins wie it ferline wike al 1250 jier lyn dat Bonifatius fermoarde waard. Om't bisskop Eijk fan Grins dêr net by wêze koe, is de betinking in wike ferskood.
De Bonifatiusdei begûn sneon betiid mei in pylgertocht fan Feanwâlden nei Dokkum. Hûndert minsken út it lân rûnen mei. Oankommen by de Bonifatiuskapel waard in eucharistyfiering hâlden. Kardinaal Simonis wie dêr ek by.