Mirjam Bijlsma rapste frou

© Omrop Fryslân
Mirjam Bijlsma fan Súdlaren (Drinte) wie sneon de rapste frou by de Slachtemaraton foar hurddravers. Se rûn de 42 kilometer yn 3.00,58. Dat is gjin persoanlik rekord, dat is 2.57,05 oer dizze ôfstân. De foarige kear die se der 3.06,04 oer.
As twadde kaam by de froulju Maaike Hornstra fan Jellum binnen. Se rûn de tocht yn 3.03,54. Har persoanlik rekord wie 3.16,29. Dat ha se no dus ferbettere.