Partoer V.d. Meer wint yn Hallum

12 jun 2004 - 00:00

Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar ha freedtejûn de frije formaasjepartij foar manlju's haadklasse keatsen yn Hallum wûn. Yn de finale wie it partoer Van der Meer mei 5-2 en 6-0 te sterk foar Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf.

Chris Wassenaar makke de partij út mei in boppeslach. Wassenaar waard ek kening fan de partij. It is al de 6e kear dat er de heechste eare hellet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)