Soad plysje by Slachte

© Omrop Fryslân
De plysje set sneon sa'n 100 minsken yn by de organisaasje fan de Slachtemaraton. Dy minsken sille benammen ynset wurde by it regeljen fan it ferkear. De organisaasje fynt it fan grut belang dat besikers har oan de oanwizings hâlde.
Fierder hat de stifting Slachtemaraton plannen om fraai ûntwurpen WC-geboutsjes by de Slachtedyk del te setten. Sa soe de dyk as toeristysk produkt mear útboud wurde kinne.