Deadlik ûngelok op De Harkema

© Omrop Fryslân
In man fan 76 jier fan De Harkema is tongersdei ferstoarn nei in ûngelok yn syn wenplak. De man ried mei syn ynvalidewein op de krusing tusken de Betonwei en de Reitsmastrjitte. In 38-jierrige bestjoerder fan De Harkema koe him net mear ûntwike.
De man yn de ynvalidewein is swierferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. Dêr is er letter ferstoarn. De plysje siket noch tsjûgen fan it ûngelok.