Fryske jachtbouwers buorkje goed

© Omrop Fryslân
De Fryske jachtbouwers dogge it goed. Dat wylst der sprake is fan in krisis. Yn 2003 is de wurkgelegenheid mei oardel persint groeid. Dat die tongersdei bliken op de slotmanifestaasje fan de Holland Yachting Group, in HISWA-ôfdieling.
De organisaasje hie 28 bûtenlânske sjoernalisten útnoege foar in besyk fan trije dagen oan Fryske werven. Se kamen ûnder oare út Ruslân, Amearika en it Easten. De provinsje stipe it inisjatyf.