Direkteur basisskoalle skorst

© Omrop Fryslân
De adjunkt-direkteur fan iepenbiere basisskoalle It Twaspan yn Wynjewâld is skorst. Der rint in plysje-ûndersyk tsjin him. De man hie foto's mei berneporno op syn kompjûter thús stean. Ek hat er dy ferspraat fia ynternet.
Neffens de plysje hat er de foto's sels net makke en soe er net skuldich wêze oan seks mei bern. De gemeente Opsterlân hat besletten de man dien te jaan as it plysje-ûndersyk achter de rêch is.