Skiermûntseach wer de earste

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach wie tongersdei de earste gemeente mei in útslach fan 'e Europeeske ferkiezings. De PvdA bliuwt mei 25,3% de grutste partij op it eilân, op 'e foet folge troch it CDA mei 24%. De VVD gie op Skier werom fan 23,2 nei 15,6 persint. De opkomst op 'Lytje Pôle' wie mear as 60 persint.
Flylân folge al gau. De opkomst wie hjir 45,6%. De VVD bleau op Flylân de grutste partij mei 108 stimmen, de PvdA de twadde partij mei 90 stimmen.