Leger leit needbrêge Slachte oan

10 jun 2004 - 00:00

By it finishplak fan de Slachtemaraton yn Easterbierrum binne tongersdei troch soldaten fan de lânmacht twa needbrêgen oanlein. Sy binne dellein oer de sleat tusken it finishplak by de seedyk en in tal tinten yn it lân dêr't de rinners nei de tocht bykomme kinne.

Neffens Doarpsbelang Easterbierrum leit de ynrjochting fan it finishplak foar op skema. De gearwurking mei de soldaten is goed, foaral om't se de taap yn it kafee brûke kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)