Jûns ek betelje foar parkearen

10 jun 2004 - 00:00

Fan takom jier ôf moat ek yn de jûnsoeren betelle wurde foar parkearen yn de Ljouwerter binnenstêd. It wurdt hieltyd drokker op jûntiid yn Ljowuert en dêrtroch kinne bewenners fan de binnenstêd sels de auto net mear kwyt.

De parkeargaraazje fan it Saailân sil yn 2005 permanint iepensteld wurde. In hiele jûn parkeare is dêr aanst goedkeaper as op in oar plak yn de stêd boppe de grûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)