Bart Helmholt wint fierljeppen

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt fan Burgum is woansdei by it fierljeppen yn Drylts kampioen wurden by de senioaren. Hy ljepte in ôfstân fan 18.57 meter. By de juioaren wie it earste plak foar Hannes Scherjon mei in ôfstân fan 17.11 meter.
Sjoukje Talma waard earste by de froulju mei 14.61 meter. En yn de kategory jonges sprong Bart Holtrop it fierst. Syn bêste sprong wie 15.70 meter.