Fryslân krijt melkfee-akademy
Fryslân krijt yn septimber in melkfee- akademy. Dat is alteast it plan fan de lânbou-organisaasje NLTO. De akademy moat in bydrage leverje oan de fersterking fan de posysje fan de melkfeehâlderij.
Boeren en boerestúdzjegroepen kinne dêr terjochte foar advys as se har fak- kennis útwreidzje wolle. De akademy moat ek in funksje krije as sammelpunt fan de kennis dy't ûnder boeren is. De akademy moat op termyn nasjonaal wurde.
Trefwurden:
argyf