Soad bussen ynset by Slachte

09 jun 2004 - 00:00

De Slachtemaraton fan sneon betsjut foar ferfierder Arriva in organisaasje dy't ferlykber is mei in Alvestêdetocht. 13.000 kuierders moatte moarns mei de bus nei de start brocht wurde, en dêrby komme nochris 1000 wedstriidrinners en alle taskôgers.

As sa folle mooglik minsken de auto thús litte en de dyk dus frij bliuwt foar de bussen, kin der neffens organisator Dijkstra fan Arriva neat misgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)