'Straatspeeldag' ek yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Bern moatte feilich bûten boartsje kinne. Dat wie it boadskip woansdei op de 'Nationale Straatspeeldag'. Bern ha foaral te lijen fan automobilisten dy't te hurd ride en auto's dy't oeral mar parkeard stean.
Foar de bern fan de Plataanskoalle, bernedeiferbliuw Jip en Janneke en it Pjutteboartersplak yn Ljouwert wie it ekstra feest. Der waard in spesjaal boarterskeunstwurk ûntbleate.