Himpkwekerij yn Drachten oprôle
Oan de Noardkade yn Drachten is woansdei in himpkwekerij ûntromme. It giet om in ferdjipping boppe in winkel. De plysje hat 267 weedplanten plus apparatuer meinaam.
Omdat der op it momint fan de ynfal net ien yn it gebou wie, binne der gjin oanhâldings dien. De ferdjipping waard ferhierd. De plysje hat de saak yn ûndersyk.