Weststellingwerf moat besunigje

09 jun 2004 - 00:00

Weststellingwerf moat oardel miljoen euro besunigje. It grutste part dêrfan komt út de eigen bedriuwsfiering. Der geane 14 minsken fuort by de gemeente. Dat besparret 900.000 euro. Der falle gjin twongen ûntslaggen.

It kolleezje stelt foar gjin stipe mear te jaan oan de Aldheidkeamer. Ek lokale omrop Radio Centraal krijt gjin jild mear en it swimbad moat simmers ticht. De ried sprekt him 28 juny út oer de besunigingsplannen fan B en W.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)