Mear glêstúnbou yn NW-Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn Noard-West Fryslân is plak foar tsientallen nije glêstúnboubedriuwen mei twatûzen wurknimmers. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de provinsje útfiere litten hat. It glêstúnbougebiet by Berltsum soe goed 600 hektare wurde.
Ut it ûndersyk komt nei foaren dat fral grienteglêstelers út it Westlân nei Fryslân ta wolle. De wurkgelegenheid yn de Fryske glêstúnbou soe omheech gean kinne fan 630 nei 2700 yn de takomst.