Rjochtsaak tsjin museumdirekteur

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert behannelet tiisdei de saak tsjin de direkteur fan it Streekmuseum Opsterlân. It giet om in proforma-sitting, dêr't de proseduere yn fêststeld wurdt. De man soe lid wêze fan in kriminele organisaasje.
Dy soe in grut tal antike foarwerpen stellen, dan wol trochferkocht ha. De museumdirekteur sit sûnt 9 maart fêst. Tsjin fjouwer oare fertochten is tiisdei ek yn proforma-sitting.