'Cyberguide' foar toeristen

© Omrop Fryslân
Studinten fan de NHL ha in digitale gids foar toeristen ûntwikkele. De gids, ek wol 'cyberguide', is ûntwikkele troch de studinten op útnoeging fan de provinsje. Doel is dat de gids ynset wurdt yn in tal Europeeske natuergebieten.
Foar Fryslân wurdt dan tocht oan de Alde Feanen of de Weerribben. De studinten ha sels in proef makke foar de grêften fan Ljouwert. Ek de stêd tinkt der oer om de gids yn te setten.