Stipe foar bedriuwen yn noed

09 jun 2004 - 00:00

Hieltyd mear ûndernimmers yn Fryslân komme yn de finansjele problemen. De grutste klappen falle yn it midden -en lytsbedriuw. Dat konkludearret de Stichting Schuldhulpverlening voor Ondernemers. De stichting is begjin dit jier begûn om ûndernimmers mei jildsoargen te begelieden.

De rûzing wie dat santich bedriuwen der gebrûk fan meitsje soenen. No al, healwei it jier, binne der mear as santich sanearingsoanfragen binnenkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)