Jonge otters berne

09 jun 2004 - 00:00

Der is in jonge otter yn De Weerribben. Dat betsjut dat de otters dy't twa jier lyn yn it natuergebiet útset binne, har fuortplante ha. Dat docht bliken út de otterstront dy't fûn is. Dêrút kinne DNA-profilen ôflaat wurde. Undersikers fûnen in mjuks fan in DNA-profyl fan in Sweeds mantsje en in Wyt-Russysk froutsje. Mooglik is der noch in jong. De otter stoar 16 jier lyn út yn Nederlân. De bisten binne útset om de otterpopulaasje wer op te bouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)