KNVB pakt Boys-supporters oan
Fuotbalbûn KNVB hat 21 minsken yn steat fan beskuldiging steld nei oanlieding fan de rellen by de noardlike bekerfinale op Himelfeartsdei. It duel Snits-Harkemase Boys waard doe staakt nei't fjochtpartijen op it terrein útbrutsen tusken supporters fan 'e Harkema en WKE út Emmen.
Njoggen fan 'e beskuldigen binne belutsen by Harkemase Boys: 7 A-junioaren en twa minsken dy't ferwûne rekken by de knokpartijen.
Trefwurden:
argyf