De Friesland: studinten stypje

© Omrop Fryslân
Soarchfersekerder De Friesland wol it tekoart oan húsdokters en toskedokters oanpakke troch in part fan 'e stúdzje fan oankommende hús- en toskedokters te beteljen. De studinten ferplichtsje harren dan om as se klear binne seis jier yn Fryslân te wenjen en te wurkjen. It is foar it earst yn Nederlân dat fersekerder dit docht.
De fersekerder wol de studinten fan it tredde jier ôf 450 euro yn 'e moanne jaan.