'Mear djoerdere wenten nedich'

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân en projekt- ûntwikkelers moatte djoerdere keap- wenten bouwe ynstee fan goedkeape hierwenten. Dat fynt de Stêfgroep Ekonomy fan Rabobank Nederland.
Troch it bouwen fan djoerdere huzen kinne minsken dy't mear fertsjinje makliker trochstreame. Dan komt der romte foar starters. Undersikers tinke dat as sa trochboud wurdt as no, der oer tsien jier in oerskot oan goedkeape wenten ûntstiet.