Kamper kogge docht Starum oan

08 jun 2004 - 00:00

Starum wie tiisdei werom yn 'e tiid. De havenstêd waard oandien troch in Kamper Kogge, de rekonstruksje fan in hannelskip út de 14de ieu. De kogge foer doe op 'e Eastsee. De neimakke kogge sil de tocht op 'e nij dwaan. Dat betsjut tsien wike sile, wyn of gjin wyn, sûnder helpmotor.

It ikehouten skip is in rekonstruksje fan in kogge dy't fûn is yn Flevolân. De kogge leit no yn 'e haven fan Skylge. De echte reis begjint freed.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)