Bank kritysk oer Fryske ekonomy

© Omrop Fryslân
It giet net goed mei de Fryske ekonomy. Neffens sifers fan 'e Rabobank bliuwt benammen Súdeast-Fryslân - mei plakken as Drachten en It Hearrenfean - efter. Yn Ljouwert en omkriten giet it better. Yn Ljouwert sitte mear bedriuwen; de sifers wurde dêrtroch minder beynfloede troch negative útsjittters by guon bedriuwen.
De sifers fan 'e bank geane oer 2003. Mar ek foar dit jier sjogge de sifers der neffens de bank net goed út.