Nije ûndersykswein boarstkanker

08 jun 2004 - 00:00

Yn Ljouwert wurdt in folslein digitale ûndersykswein foar boarstkanker ynset. Ljouwert is dêrmei nei alle gedachten it earst plak op 'e wrâld dêr't dat bart. Yn Drachten koe de wein tiisdei besjoen wurde.

It befolkingsûndersyk nei boarstkanker yn Nederlân is 12,5 jier lyn út ein set. Froulju tusken de 50 en 75 jier wurde ien kear yn de twa jier ûndersocht. Dat bart yn in frachtwein- trailer mei röntgenapparatuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)