Gjin webcams yn trouseal H'fean

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean komme gjin webcams dêr't troupartijen live mei folge wurde kinne op ynternet. Op in gearkomste fan de gemeenteried waard dúdlik de measte trou-amtners it net sitten sjogge dat yn de trouseal fjouwer webcams komme te hingjen. De trouwerij soe dan oer de hiele wrâld te sjen wêze.
Troch de webcams moatte de trouleezjes mei 23 euro omheech. De ried tinkst dat de measte Feansters dêr net op sitte te wachtsjen.