Ljouwert skrast taalbelied net

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Ljouwert hat moandei besletten om net te besunigjen op de post Fryske taal- en kultuerbelied. It amandemint fan 'e FNP om de post oerein te hâlden waard mei algemiene stimmen oannommen mei útsûndering fan 'e Leeuwarder Lokale Partij (LLP).
Ut de post taal- en kultuerbelied fan 10.000 euro wurde ûnder oaren kursussen Frysk subsidiearre. De aksjegroep 'Te Mâl' liet koartlyn in protest hearre tsjin it plan om te besunigjen.