Stúdzje wettermanagement by NHL

08 jun 2004 - 00:00

Studinten oan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert kinne tenei ek ôfstudearje yn wettermanagement. De oplieding is bedoeld foar studinten fan twa rjochtings: fan sivile technyk en fan bestjoerskunde en oerheidsmanagement.

De NHL wol mei de nije ôfstudear- rjochting ynspylje op de arbeidsmerk. Mei it diploma yn de bûse kinne studinten oan de slach by oerheden, wetterskippen, advysburo's en nutsbedriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)