Venus-oergong goed te folgjen

© Omrop Fryslân
Op de Folksstjerrewacht yn Burgum wie tiisdeitemoarn in spesjale moarns- brogge foar de minysinnefertsjustering. Yn de moarntiid skode nammentlik de planeet Venus foar de sinne lâns, ek wol Venus-oergong neamd.
De lêste kear dat dit barde, wie yn 1882. Op de wacht kin mei solarskopen en spesjale stjerrekikers nei de fertsjustering sjoen wurde. Minsken thús koene mei in eklipsbriltsje of troch in CD nei it ferskynsel sjen.