Nij: Royal Friesland Foods

© Omrop Fryslân
Suvelkonsern Friesland Coberco Dairy Foods krijt in namme namme. Mei yngong fan 1 jannewaris hjit it bedriuw Royal Friesland Foods. It predikaat keninklik is de kooperaasje troch keninginne Beatrix takend fanwege it 125-jierrich bestean.
Neffens de direksje moast de namme fan it bedriuw oanpast wurde omdat it bedriuw folle mear makket as suvel. De namme Friesland Foods leit neffens it konsern goed yn it gehoar.