Kuipers fjirde by NK Luchtgitaar

07 jun 2004 - 00:00

Eelke Kuipers fan Mûnein is fjirde wurden by it NK Luchtgitaar. By de Kollumer Tsiisdagen waard Kuipers earder dit jier Frysk Kampioen. It NK waard hâlden yn Paradiso yn Amsterdam.

Kampioen waard de Limburchske dielnimmer. Hy mei ein augustus nei de wrâldkampioenskippen yn Finlân. Luchtgitaar spyljen is gitaarspylje sûnder gitaar. De kandidaten moatte muzyk en artyst sa goed mooglik neidwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)