Van Raalte trener Flevo Boys

07 jun 2004 - 00:00

Jan van Raalte wurdt de nije trener fan fuotbalclub Flevo Boys út Emmeloord. Van Raalte spile oant no ta yn it earste fan Harkemase Boys. By dy club is er no ek noch jeugdtrener.

Van Raalte, âld-spiler fan ûnder mear Cambuur, set no in punt achter syn aktive spilerskarjêre by de Harkemase Boys. Hy wurdt by Flevo Boys de opfolger fan Pieter Bijl. Dy wurdt takom jier trener by fuotbalclub Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)