Minder njirren en hagedissen

07 jun 2004 - 00:00

It giet hieltiten minder mei de hagedissen en njirren yn Nederlân. Benammen op de Frysk-Drintse heide is de sitewaasje tige min. It tal njirren is yn de lytse heidegebieten mei in tredde ôfnommen.

Njirren en hagedissen ha in soad libbensromte nedich. De heidegebieten wurde lykwols hieltiten lytser en falle yn lytse stikjes út in inoar. Boppedat wurde de heideterreinen te droech foar de bisten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)