Diel potfisk nei museum

07 jun 2004 - 00:00

In diel fan it skelet fan de potfisk dat juster oanspielde by Noordpolderzijl yn Grinslân giet nei it Zoo-o-logyskmuseum yn Amsterdam. It giet ûnder mear om de kaken fan it bist.

De potfisk waard ferline wike al troch fiskers sjoen yn de Noardsee boppe Skiermûntseach. Doe waard noch tocht dat it om in bist fan sa'n 20 meter lang gong. Juster die bliken dat er noch gjin tsien meter grut is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)