Korbach net nei Libië

© Omrop Fryslân
Fritz Korbach wurdt gjin bûnscoach fan Libië. Dat sei er snein by Omrop Fryslân radio. De Telegraaf skreau dat Korbach nei Libië soe. De âld-trainer fan Cambuur en SC Hearrenfean hat it oanbod ôfsein. It duorre him te lang ear't er in kontrakt tekenje koe. 'Ik wachtsje net op in kiste mei deade fûgels' sa sei er.
Korbach hie oars wol nocht oan it Libysk aventuer. Neffens eigen sizzen is er fit en skerp.