Twa krânsen foar Hylkema

© Omrop Fryslân
It partoer fan Afke Hylkema wie snein suksesfol op de útnoegingspartij yn Baard. Mei Hermanna Miedema en Karen van der Wei wie se yn de finale sterker as it partoer fan Maaike Joostema mei Debora Oosterman en Romy van der Veen mei 5-2 en 6-2. De tredde priis wie foar Geeske Hibma mei Anne-Afke Zijlstra en Maaike Terpstra.
Afke Hylkema wûn sneon ek al yn Boalsert. De Akkrumse hat 28 punten en liedt it klassemint.