Man ferwûne by autocross Wolsum

© Omrop Fryslân
By de autocross yn Wolsum binne sneon twa baankommissarissen ferwûne rekke. Ien man (46) út Makkum moast mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins. Hy hie harsensletsel en is operearre. De man is bûten libbensgefaar. De oare man út Hichtum koe nei in tal hechtingen wer nei hûs.
De baankommissaris waard oerriden nei't in dielnimmer de macht oer it stjoer ferlear om't in oar by him opklapte. Hy kaam op it middenterrein telâne.