Tsjerke yn Ljouwert slút doarren

© Omrop Fryslân
De roomse Sint Johannes de Dopertsjerke yn Ljouwert giet ticht. Snein 13 juny wurdt de lêste eucharistyfiering hâlden. De tsjerke út 1934 makket diel út fan de Titus Brandsma Parochie. Dy slút de tsjerke om't der hieltyd minder leden komme. Der binne al petearen geande mei in keaper dy't de tsjerke oernimme wol.
Der ferskynt ek in boek oer de skiednis fan de Johannes de Dopertsjerke dy't santich jier yn Huzum bestien hat.