Fryske fado's Laverman op CD

© Omrop Fryslân
De earste CD mei Frysktalige fado's is sneontemiddei presintearre yn it Tryatergebou yn Ljouwert. Op de CD Sielesâlt fan Nynke Laverman en fjouwer muzikanten binne gedichten fan de Fryske dichter Slauerhoff oerset yn it Frysk en op fado-muzyk set.
Fado is in muzyksoarte dy't oarspronklik út Portugal komt. De CD is makke nei oanlieding fan it teaterkonsert Sielesâlt dat Nynke Laverman yn oktober by Tryater spile.