Tinga twadde op Triatlon H'fean

© Omrop Fryslân
By it Hearrenfean waard sneon de earste triatlon yn it Noarden fan dit seizoen holden: 1500 meter swimme, 40 km fytse en 10 km drave. Under de 90 wedstriid- dielnimmers sitte trije Friezen: Tiedo Tinga, Peter Sima en Menno Iedema.
Winner by de manlju waard Bert Flier yn in nij parkoersrekord fan 1 oere, 56 minuten en 33 sekonden. Tinga waard twadde op in goeie minút fan Flier. By de froulju wurdt Judy vd Berg (Roden) earste en Esther de Vries (Grins) 2e.