Flagge fan 2 km yn Dokkum

05 jun 2004 - 00:00

In Nederlânske flagge fan 2 kilometer lang waard sneontemoarn troch Dokkum sjoud. It is ien fan de aktiviteiten yn it ramt fan de betinking fan it stjerjier fan Bonifatius. It is sneon krekt 1250 jier lyn dat Bonifatius by Dokkum fermoarde waard.

De flagge is de langste fan de wrâld. Goed 1000 minsken fan skoallen, sportklubs en oare ferienings ha meiholpen de mega-trijekleur troch de strjitten te dragen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)