Gjin treinferkear Ljouwert-Snits

05 jun 2004 - 00:00

It treinferkear tusken Ljouwert en Snits wurdt dit wykein stillein, om't yn Snits in tunneltsje oanlein wurde moat tusken de wiken de Loaten en de Zwette. Bysûnder is dat dy fytstunnel al hielendal klear leit by it spoar.

It iennichste dat der no barre moat, is dat dy tunnelbak fan 450 ton swier, te plak skood wurde moat. It giet om in yngewikkelde operaasje dy't de ôfrûne dagen al taret is. Moandei om 06.00 oere moat de earste trein wer ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)