Park Berltsum offisjeel iepene

05 jun 2004 - 00:00

It Hemmemapark yn Berltsum is sneon offisjeel iepene troch boargemaster Van Delft, wethâlder Pen, de direkteur fan it ministearje fan LNV en de foarsitter fan Doarpsbelang. Der is fiif jier wurke oan ûnder oare de ynrjochting fan in gebiet fan 7 bunder, it baggerjen fan in kanorûte en it útsetten fan in histoaryske fytsrûte troch de gemeente.

Fierder is der rûmte foar sân wenten. It projekt hat 760.000 euro koste. It Ryk hat 350.000 euro subsydzje jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)