VDW-OLS wint kuorbalbeker

© Omrop Fryslân
VDW-OLS fan Assen hat freedtejûn op it keunstgers fan Sparta-Zevenhuizen de noardlike kuorbalbeker wûn. Yn de finale waard Drachten/Van der Wiel mei 13-11 ferslein. Yn de earste helte waard der aardich kuorballe.
By it skoft hie Drachten noch in foarsprong fan twa punten (9-7). Nei de tee wie it fjoer derút en wiene benammen de Drachtster kuorballers net tûk mear. By de junioaren gong de bekerwinst nei Stânfries fan Reduzum.