Weening tsiende yn klassemint

© Omrop Fryslân
Yn de fyfde etappe fan de Ronde fan Dútslân kaam Pieter Weening yn it peloton oer de einstreek. De rit waard wûn troch de Australiër Allan Davis. Yn it algemien klassemint feroare neat. Patrik Sinkewitz bliuwt de lieder. Pieter Weening stiet tsiende.
Sneon is in wichtige dei foar de Harekyt. Dan wurdt de foarlêste etappe oer krapoan 190 kilometer ferriden. De einstreek leit op 1215 meter hege Fichtelberch.