Syktocht nei bernelokker

04 jun 2004 - 00:00

Yn de omkriten fan de Tolhúsbrêge yn Kollum is freedtemoarn in grutte syktocht holden nei in bernelokker. In 10-jierrich jonkje út Kollum waard dêr om ungefear healwei njoggenen oansprutsen troch in man. Dy frege oft it jonkje mei him mei gean woe, dan soe er as beleanning snoepkes krije.

It jonkje fytste fuortendaliks nei hûs en sei wat der bard wie. De plysje hat in grutte sykasje opset, mar de man waard net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)