Arlman: 'sân út Waad brûke'

04 jun 2004 - 00:00

De regels foar it winnen fan sân op it Waad moatte oars. Dat fynt boargemaster Arlman fan Harns. Op it Waad mei no gjin sân wûn wurde.

Arlman wol it sân dat út fargeulen by Harns helle wurde moat, oan lân helje. Freed waard bekend dat it ryk oant 2020 gjin jild jout foar de yndustryhaven. Mei de opbringst fan it sân út geulen soe dat kompenseard wurde moatte. Neffens Arlman moat der in proef komme om te sjen wat de effekten binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)