Konflikt Linders útiten

04 jun 2004 - 00:00

Turnster Loes Linders kin har yn rêst tariede op de lêste wedstriid dêr't in Olympysk ticket te fertsjinjen is. Har âlde feriening WIK/FTC fan It Fean hâldt him net oan it drigemint om har wedstriidpaspoart yn te lûken.

Linders stapte koartlyn oer fan WIK/FTC nei in oare club. WIK woe dêrop 3000 euro fan Linders werom ha, oars soe har wedstriidpaspoort net oerdroegen wurde. De kjeld is no út de loft, mar heit Linders wol noch al ekskuses fan WIK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)